Stroetinga útskeakele op OS

17 aug 2008 - 12:45
  • Wim Stroetinga

Baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat him mei syn maten Jens Mouris, Levi Heimans en Robert Slippens net pleatse kinnen foar de heale finale by de ploege-achterfolging. Se ferlearen yn de kwartfinale fan Austraalje.

It oranjekwartet foel al gau útelkoar en se waarden sels noch ynhelle troch de 'Aussies'. Foar Stroetinga sitte de Olympyske Spelen der no op. Jenning Huizenga fan Frjentsjer wie net opnommen yn it baankwartet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)