'Eveneminten Burgum gefaarlik'

17 aug 2008 - 11:44

Der moatte gjin grutte eveneminten mear komme yn it âlde tsiisfabryk de Action Factory yn Burgum. Dat bringt troch de skipfeart mei gefaarlike lading op it PM-kanaal fierstente grutte risiko's mei him mei. Dat skriuwt wettersportferiening Bergumermeer oan de gemeente Tytsjerksteradiel.

At der wat mei de skippen bart wylst der in soad minsken yn it fabryk binne, is neffens de feriening de ramp net te oersjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)