Museum Drachten krijt nij dak

It museum yn Drachten
It dak fan museum Smellingerlân yn Drachten wurdt renovearre. It dak is fan 1936 en ta oan in opknapbeurt. In grut tal panlatten en dakbeskot is oan it rotsjen troch lekkaazje. Dêrtroch is der ek skea oan plafonds en de flierren fan de earste ferdjipping. Museumstikken binne net skansearre.
By de renovaasje wurde ek twa nije dakkappelen pleatst. De wurksumheden sette mei in pear moanne út ein. It museum bliuwt ûnder it wurk gewoan iepen.