Verschoor wint De Westerein

16 aug 2008 - 22:02

Martijn Verschoor fan Bovensmilde waard sneontejûn de winner fan de 57ste Ronde fan De Westerein. Verschoor wie nei 100 kilometer dúdlik de rapste fan in kopgroep fan trije man. Twadde waard Aloys van Duuren fan Hoogeveen, tredde Martijn Knol fan Hasselt.

Jan Bos fan Nijhoarne wie op it fjirde plak de bêste Fries. Fokke Postma fan Drachtsterkompenije waard fyfde, Theo Postma fan Sweagerbosk sânde en Frank Wierstra fan Burgum achtste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)