Afke Hijlkema: 50x keninginne

Afke Hijlkema yn aksje (Martin de Jong)
It partoer fan Géjanna Dijkstra, Gérieke de Groot en Afke Hijlkema hat sneon de frije formaasjepartij yn Goaiïngea wûn. Yn de striid om priis en preemje waard it trio fan Afke Kuipers, Ingrid de Haan en Leonie van der Graaf mei 5-1 en 6-6 ferslein.
De tredde priis wie foar Maaike Joostema, Imke van der Leest en Fenna Zeinstra. Afke Hijlkema waard keninginne. It wie foar de keatster út Nes de 50ste kear dat se dizze earetitel krige.