Slachtoffer stekpartij stoarn

Parse-offisier Henk Mous
It 28-jierrige slachtoffer fan in stekpartij twa wike lyn yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren is freed ferstoarn. Dat hat it iepenbier ministearje befestige.
It slachtoffer waard yn de nacht fan 1 op 2 augustus oanfallen troch in plakgenoat (18). Dat barde nei in skeel tusken beiden, sa seit parse-offisier Henk Mous. De 18-jierrige soe agressyf reagearre ha op in opmerking. Snein sil seksje dien wurde op it lichem fan it slachtoffer.