Himpkwekerij ûntdutsen

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert hat de plysje woansdei yn de wenwyk Westeinde in man (22) oanhalden. Tocht waard dat de man in fjoerwapen by him hie. In arrestaasjeteam hat de man oanhâlden yn syn auto en wenning ûndersocht. Der is gjin wapen fûn. Wol waard yn it hûs fan de man in ûntmantele himpkwekerij fûn en 16.000 euro oan kontant jild.
Tocht wurdt dat de man it jild fertsjinne hat mei it kweken fan himp. De plysje hat de Ljouwerter oanhâlden nei oanlieding fan in anonime tip.