'Bod Skare goed nijs'

16 aug 2008 - 08:37
  • Bod dien op Friesland Vlees

It bod fan 3,6 miljoen euro fan it Deenske fleisbedriuw Skare op de Ljouwerter slachterij Friesland Vlees is goed nijs foar de agraryske sektor yn Fryslân. Dat seit foarsitter Andries Kingma fan de Feemerk yn Ljouwert.

De slachtkapasiteit yn Ljouwert is hurd nedich bygelyks at fee net ferfierd wurde mei fanwege it útbrekken fan in sykte. Friesland Vlees driget ein dizze moanne te sluten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)