Randy Rustenberg nei Cambuur

© Omrop Fryslân
Linksback Randy Rustenberg spilet it kommende jier foar SC Cambuur, mei in opsje foar noch in jier. De ferdigener komt oer fan FC Dordrecht, dêr't hy nei argewaasje syn kontrakt ynlevere. Cambuur-trainer Jurrie Koolhof hat yn it ferline by Dordrecht al wurke mei Rustenberg.
Cambuur wie op syk nei in nije man foar de posysje linksachteryn, om't Kasali Yinka Casal ferkocht is oan Swindon Town.