Cambuur wint en stiet boppeoan

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur hat freedtejûn mei 2-0 wûn fan VVV_Venlo. Dêrtroch steane de Ljouwerters no boppeoan yn de Jupiler League. Yn de earste helte wiene beide ploegen oan inoar weage. Se krigen ek beide kânsen mar it bleau 0-0.
Seis minuten nei it skoft iepene Sandor_van_der_Heide mei in prachtige lob de skoare. Fiif minuten letter makke Nassir_Maachi op oanjaan fan Rachid_El_Khalifi 2-0. VVV krige ek noch kânsen mar wist net te skoaren.