Ynje-betinking Hearrenfean

15 aug 2008 - 21:22

Sa'n sechtich minsken hawwe freedtejûn op It Hearrenfean de Japanske kapitulaasje en de befrijing fan Nederlânsk-Ynje fan 63 jier lyn betocht. Ek stiene de besikers stil by de fiif Feansters dy't om it libben kamen by de ûnôfhinklikheids-striid fan Indonesië tusken 1945 en 1950.

De betinking wie by de tinkstien oan it Gashoudersplein. Der wiene taspraken fan loko-boargemaster Van der Laan en foarsitter Huisman fan de wurkgroep Herdenking Oud-Indiëgangers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)