Spelen oer foar siler Postma

15 aug 2008 - 17:15

Foar siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple sitte de Olympyske Spelen der op. Op de lêste dei hie Postma noch in lytse kâns om de medaljerace yn de Finn-klasse te heljen - de bêste tsien - mar dat slagge net. Hy waard 16e yn de achtste race, wedstriid 9 en 10 waarden net syld. Yn totaal einige de Finn-siler op it 14e plak.

In tsjinfallende prestaasje foar Postma, want foarôfgeand oan de Spelen hearde hy ta de kânshawwers foar in medalje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)