´Los probleem spoarbrêge op´

15 aug 2008 - 15:19
  • de spoarbrêge is faak stikken

ProRail moat gau de problemen mei de spoarbrêge by Akkrum oplosse. Dat easket de provinsje. Deputearre Adema hat syn nocht fan de stremmingen fan de brêge yn de lêste moannen. Ofrûne wike lei it treinferkear wer twa kear stil troch steurings yn de brêge.

De behearder fan it spoar hie earder oanjûn dat alle problemen oer wiene. Neffens Adema binne de bernesyktes no wol foarby fan de spoarbrêge, dy´t ferline jier yn gebrûk naam is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)