Grutte fraudesaak op it spoar

De Frjentsjerter dy't him ein juny tekoart die doe't de plysje in ynfal die yn syn hûs, hat mooglik foar in miljoen euro minsken oplichte. Hy soe neffens justysje ek belutsen wêze by wapenleverânsjes oan Antiljanen yn Ljouwert.
In tsiental Friezen hat tusken de 10.000 en 100.000 euro ynlein by de Frjentsjerter. Se tochten dat se beleinen yn fakânsjehúskes en teakplantaazjes, mar it jild gie op oan fakânsjes en djoer guod.