Rekonstruksje saak-De Blesse

By de moard op Ida_Klijnstra (52) fan De_Blesse spilet in donkere Mercedes in sintrale rol. De auto is ferskate kearen yn it doarp sjoen. De plysje siket noch hieltyd nei de bestjoerder en hat dêrfoar it televyzjeprogramma Opsporing_Verzocht ynskeakele. De ôfrûne trije dagen is in rekonstruksje fan de moardsaak makke.
Opsporing_Verzocht sil yn de útstjoering fan 26 augustus omtinken jaan oan de saak. Ek de neiste famylje komt dêryn oan it wurd.