Ljouwert yn ramt fan poëzij

15 aug 2008 - 11:46
  • Nynke Laverman sjongt Tsjêbbe Hettinga

Op it dichtersfestival Frjemde_Kusten noegje Fryske dichters bûtenlânske kollega’s út. It is sneon 23 augustus yn Ljouwert en wurdt hâlden yn it ramt fan it Frysk_Festival. Yn in riksja kinne besikers in dichter persoanlik moetsje, ek is poëzij te beharkjen op flústerpreammen yn de grêften. Foar bern is der in spesjale poëzijboat.

Jûns is de finale yn De_Prinsetún mei in ynternasjonaal program mei Breyten Breytenbach, Raoul_Schrott en Sigurbjörg_Thrastardóttir.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)