Passantehaven mei fan rjochter

15 aug 2008 - 11:04

Weststellingwerf hat de rjochtsaak oer 45 lisplakken yn it rekreaasjegebiet by Nijetrine wûn. In ynwenner fan Nijetrine hie beswier makke. De rjochtbank jout de gemeente gelyk yn ferbân mei de grutte ôfstân fan sa'n 1750 meter fan it hûs fan de beswiermakker en it plak fan de passantehaven.

Neffens de rjochtbank wurdt de beswiermakker net rjochtstreeks yn syn belangen troffen. De passantehaven is ûnderdiel fan it Fryske Marreprojekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)