Dakleazen yn fuotbalfinale

14 aug 2008 - 19:27

It Fryske strjitfuotbalteam ZIENN dat folslein bestiet út dak- en thúsleazen en jongeren út de opfang, hat de finale helle fan in lanlik toernoai yn Amsterdam. It team is opset troch ZIENN, it eardere SMO_Fryslân en de maatskiplike opfang. It fuotbal is fan grut belang foar de mannen. Sa leare se yn teamferbân te wurkjen.

Mocht it Fryske team de finale winne, dan meie se foar Nederlân útkomme op it wrâldkampioenskip yn Austraalje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)