Museum siket trouservizen

14 aug 2008 - 17:22

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert siket trouservizen. Guon minsken brûke sa'n servys alle dagen, oaren allinnich op snein en feestdagen. Der binne ek servizen dy't al gau by de kringloopwinkel bedarje, omdat minsken fan smaak feroarje.

It museum wol it servysguod en de ferhalen dy't derby hearre brûke foar in grutte manifestaasje yn april takom jier. Minsken dy't harren servys beskikber stelle, kinne kontakt opnimme mei it museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)