Lemsterlân mei net bybouwe

14 aug 2008 - 17:02

Gemeente Lemsterlân is teloarsteld yn ´e provinsje, om´t de kommende jierren gjin achttjin huzen boud wurde meie yn Ychten. Neffens de provinsje is der gjin fraach nei safolle wenten. Se fynt de bou fan de huzen dan ek net nedich.

De gemeente Lemsterlân seit dat der krekt in soad ferlet fan wenten is, benammen ûnder jongerein en minsken fan bûten Fryslân. De gemeente lit it der net ek net by sitte en sil it by de provinsje oankaarte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)