Tennet wol helpe mei fûgels

De deade fûgels wurde ôffierd
Netbehearder Tennet fan it Nederlânske heechspanningsnet is ree om maatregels te nimmen tsjin de seefûgels. Sa moat tefoaren kaam wurde dat der by It_Hearrenfean noch seefûgels tsjin de heechspanningstriedden oanfleane.
Alle wiken fleane tsientallen seefûgels dy´t fan it ekopark De_Wierde ôfkomme har dea tsjin de kabels by yndustryterrein Haskerfean. De diere-ambulânse fan It_Hearrefean hat it der drok mei en wol dat der aksje ûndernommen wurdt