Konsert yn Blokhúspoarte

Konsertseal De Blokhûspoarte
Op it binnenplak fan De Blokhúspoarte wie tongersdeitejûn in klassyk konsert. Der kamen 600 minsken op ôf. Jonge muzikanten út de hiele wrâld makken muzyk. It wie foar it earst dat de eardere finzenis yn Ljouwert brûkt waard foar in kultureel evenemint.
De finzenis is earder dit jier definityf tichtgien. Der wurdt no neitocht oer in nije bestimming. Ien fan 'e plannen is om der in kultureel sintrum fan te meitsjen.