Tal studinten nimt bot ta

14 aug 2008 - 14:35

Der binne hûnderten mear oanmeldings foar in stúdzje yn Ljouwert as ferline jier. De Stenden_Hogeschool ferwachtet 8 prosint mear ynskriuwings as it jier dêrfoar. Opfallend is de taname fan it tal Sinezen, 50 prosint. Ek de NHL krijt 10 prosint mear oanmeldings as ferline jier.

De Maritime Oplieding op Skylge is ek populêr. Yn 2007 melden 24 studinten har dêrfoar oan en dit jier 65. Van Hall Larenstein ferwachtet 4 prosint mear, benammen foar diermanagement.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)