Gjin swierrichheden by Cambuur

14 aug 2008 - 14:08

Sportclub Cambuur hat yn de oanrin nei de wedstriid tsjin VVV_Venlo gjin swierrichheden. Alle spilers binne fit dus begjint trainer Jurrie_Koolhof mei deselde alve spilers as ferline wike tsjin Veendam. Allinnich Marc_Mboua (Olympyske Spelen) en Paul_Beekmans (skorst) binne der net by.

It wurdt de earste thúswedstriid fan dit seizoen foar Cambuur en dus ek de earste wedstriid op gewoan gers. It keunstgers dat der seis jier lein hat is ta freugde fan de spilers ferfongen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)