Cambuur ferwachtet soad publyk

Neffens Pama it de belangstelling grut
Cambuurdirekteur Alex Pama ferwachtet dat der kommende freed by de wedstriid tsjin VVV yn Ljouwert 7000 oant 8000 taskôgers yn it stadion sitte sille. Hy slút sels net út dat it útferkocht wêze sil. Neffens Pama it de belangstelling foar de topper tsjin de Venlonaren hiel grut.
VVV wurdt sjoen as ien fan de grutste kandidaten foar it kampioenskip yn de earste divyzje. De ploech wûn ferline wike dik fan Go Ahead Eagles. Cambuur die itselde tsjin Veendam.