Huizenga moat stjoer oanpasse

Jenning Huizenga (foto:Martin de Jong)
Baanhurdfytser Jenning_Huizenga fan Frjentsjer moat oars as er wend is op de fyts sitte, as er moarn yn Peking yn aksje komt by de Olympyske Spelen. Huizenga docht mei oan de yndividuele achterfolging.
Huizenga hie it stjoer fan syn fyts op in spesjale manier monteare litten. It bûgde licht nei foaren oer, omdat út tests bliken dien hie dat er dêr twa of trije sekonden tiidswinst mei helje kinne soe. Mar in sjuerylid yn Peking hat sein dat soks net mei.