Blessueres Breuer, Janmaat oer

Breuer en Janmaat hienen ljiskklachten
De ferdigeners Michel_Breuer en Deryl Janmaat fan SC_Hearrenfean binne wer sa goed as fit. Beide fuotballers hienen sûnt de oefenwedstriid tsjin it Grykske Xanthi op 5 augustus lêst fan ljiskklachten. Mar dy binne no oer en se kinne wer mei de groep meitraine.
Ek mei de knibbelblessuere fan Geert Arend Roorda giet it goed. Mar hy is noch net klear en sil de earste wedstriid fan it seizoen op 31 augustus sa goed as wis misse.