Dronken en sûnder rydbewiis

14 aug 2008 - 11:30

De plysje hat yn Snits in 25-jierrige man út de stêd pakt mei drank op achter it stjoer. De man ried oer De Singel en hie net yn de gaten dat de auto foar him ôfremme. Hy botste der boppe-op. Op it buro die bliken dat de man te folle dronken hie. Boppedat hie er gjin rydbewiis. De man hat mooglik de auto dêr't er yn ried, meinaam sûnder tastimming fan 'e eigner. As dat sa is, kriget er ek noch in bon foar joyriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)