Kopertried fan dak stellen

14 aug 2008 - 10:52

Fan it dak fan in hoarekasaak oan de Bildreed op 'e Rottefalle is fjirtjin meter koper stellen. De dieders binne tiisdeitenacht it dak opklommen, wêrnei't se it koper losknipt en doe meinaam hawwe. In 31-jierrige ynwenner fan Drachten hat oanjefte dien út namme fan it dupearre hoarekabedriuw.

De lêste tiid binne der wol_gauris stellerijen fan kopertried en oare metalen foarwerpen. It metaal bringt in soad jild op by trochferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)