Man falt út heechwurker

14 aug 2008 - 10:43

In 39-jierrige man út Frjentsjer is woansdei yn Harns swier ferwûne rekke by in bedriuwsûngelok. De man ried in heechwurker mei rûpbannen op in djiplader. Doe´t de heechwurker oer de oprydplaten de djiplader opried, krige de bak in slinger. It slachtoffer foel derút en foel in pear meter nei ûnderen.

De man is slim ferwûne mei de traumahelikopter nei it VU-sikehûs yn Amsterdam brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)