Boek skoalbern oer fiskersramp

© Omrop Fryslân
125-jier nei de grutte fiskersramp yn 1883 ha skoalbern fan Peazens, Wierum en Sâltkamp gedichten en tekeningen makke oer de ramp. De bydragen binne opnaam yn it boek 'Dag zee, donkere zee'. It betinkingsboek oer de ramp dêr't 83 fiskers út Peazens-Moddergat by omkamen waard woansdei presintearre yn Lauwerseach.
Dy ramp hie grutte gefolgen foar de doarpen en krige dêrom dit jier in protte omtinken. It boek is it slútstik fan it betinkingsjier.