Park Eeburgt Burgum opknapt

13 aug 2008 - 11:46

Yn Burgum wurde it kommende heal jier it Park Eeburgt en in tal rioeloerstoarten opknapt. It wurk is nedich omdat de grûn fersakket. Dat komt ûnder oare troch gaswinning, mar ek troch ynklinking fan de boaiem.

De tagong nei it park moast de ôfrûne jierren geregeld ôfsletten wurde, omdat it ûnder wetter stie. It paad wurdt no ferfongen troch ien fan beton. De rioeloerstoarten krije hegere muorren. De NAM betellet oardel miljoen euro mei oan it opknapwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)