EVO net wiis mei A32-ôfsluting

13 aug 2008 - 10:42

Ferladersorganisaasje EVO is net bliid mei de ôfsluting fan in stik fan de A32 by Teridzert. Rykswettersteat hat tiisdei fuortendaliks in rydbaan oer in lingte fan tsien kilometer ôfset, omdat de kwaliteit sa min is, dat it net langer ferantwurde is foar it ferkear. De situaasje kin wol in moanne as acht of njoggen duorje.

EVO begrypt wol dat der wat oan de dyk dien wurde moat, mar dat dat sa lang duorje moat fine de beropsferfierders in minne saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)