Manlju oanhâlden foar wapens

13 aug 2008 - 10:16

De plysje hat seis manlju út Ljouwert oanhâlden omdat se wapens yn har besit hawwe soene. De plysje wie mei in ûndersyk begûn, omdat yn ´e Antiljaanske mienskip yn Ljouwert minsken mei fjoerwapens bedrige wurde soene. Ut it ûndersyk kamen de nammen fan de seis fertochten nei foaren.

Twa fan harren waarden ferline wike op strjitte oanhâlden. Sy hiene doe in wapen by harren. By ferskate hûssikings waarden gjin wapens mear fûn, mar wol kokaïne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)