Gleone Gloede begjint letter

13 aug 2008 - 09:35

De foarstelling Gleone_Gloede fan Tryater sil by it Frysk Festival ein dizze moanne in oere letter begjinne. Yn stee fan healwei achten sette de akteurs no om healwei njoggenen út ein.

De feroaring hat te meitsjen mei de ûnderfinings dy´t Tryater twa moanne lyn opdien hat by Oerol op Skylge. Doe die bliken dat it folle moaier is om de earste sêne fan yn ´e skimer te spyljen. Gleone_Gloede wurdt fan 23 oant 31 augustus spile oan de Snitsermar by De_Potten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)