Galama wint op It Heidenskip

13 aug 2008 - 09:01

Fierljepper Oane Galama hat op It Heidenskip revâns naam op Bart Helmholt. Ofrûne sneon wie Helmholt noch de bêste op it Frysk Kampioenskip. No wûn Galama mei twa sintimeter mear fan Helmholt.

De sprong fan 19 meter 25 sintimeter wie úteinlik de bêste. Alwin Fonk wûn by de junioaren, Hans Ulko de Boer by de jonges en Anouk Greveling by de froulju. Nimmen fan de winners wûn sneon de Fryske titel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)