Eigner wol wettertoer slope

De toer as lampe yn Simmer 2000
De eigner fan 'e karakteristike wettertoer yn Nes by Akkrum wol de toer slope. De gemeente en de doarpsbewenners binne poer op de plannen tsjin.
Reden foar de sloopplannen is spul mei de gemeente. Eigner Sijperda fan Drylts hat de toer fergees oan 'e gemeente oanbean. Sijperda wol yn plak fan de toer in boulokaasje, dêr't er in lânhûs delsette wol. Dat wol de gemeente net. De eigner kocht de toer foar goed twa ton.