Eigen reedrydskoalle Thialf

Thialf hat fan no ôf it skoallereedriden sels yn behear. Earder fersoarge de reedrydskoalle Pro_Action fan ûnder oare Henk_Gemser de lessen.
Mei it yn eigen behear nimmen fan de reedrydskoalle nimt Thialf neffens direkteur Nieweg wol in finansjeel risiko. Nieweg giet der fanút dat as der fiifhûndert bern en twahûndert folwoeksenen komme yn it jier it dan finansjeel wol goedkomt.