Spoedoerlis Piter Jelles

Piter Jelles
De Rie fan Tafersjoch fan Piter Jelles hâldt tiisdei spoedoerlis oer de krisis by de skoallemienskip. Fiif direkteuren hawwe harren siikmeld. Der is in betrouwenskrisis tusken de direkteuren en foarsitter Peter Nieuwstraten fan de Rie fan Bestjoer.
Neffens in yntern e-mailtsje dat Omrop Fryslân yn hannen krige hat, soene nei beoardielingspetearen in pear direkteuren op non-aktyf steld wurde. Dêrnei hawwe se harren siikmeld. De oare direkteuren hawwe dat doe ek dien.