Pealtsjes tsjin it ferdwalen

© Omrop Fryslân
It_paad_bjuster_reitsje yn ´e bosken fan Bakkefean hoecht net mear. It Fryske Gea hat moandei nije peallen delset yn it gebiet. Der wie nochal wat argewaasje fan kuierders dy´t it paad net fine koene omdat der pealtsjes misten of ferkeard stiene.
Neffens it Fryske Gea wurde der wolris pealstjes fuorthelle troch fernielers. Guon pealtsjes wurde ek wei omdat se fuortrotsje. Mei de nije paadwizers moat it probleem no oplost wêze.