Website Epke oerbelêste

12 aug 2008 - 09:36

De site fan turner Epke Zonderland is dreech te berikken. Sûnt de Lemster turner him sneon pleatste foar de tastelfinale fan de rekstôk lûkt syn site safolle belangstelling dat de server it net oan kin.

De site fan Epke luts sneon 1700 besikers en snein nochris safolle. Epke sil syn webmaster freegje om de site wer gau online te helpen. De site fan broer Johan Zonderland, www.stationbeijing.nl, docht it wol. Dêr stean filmkes oer Epke op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)