Reboelje op Piter Jelles

Der is reboelje op skoallemienskip Piter_Jelles yn Ljouwert. It grutste part fan de direkteuren sit siik thús. It giet om ûnder oare om de direkteuren fan de lokaasjes Aldlân en it gymnasium. Der soe foar harren yn it managementteam mei it kolleezje fan bestjoer in ûnwurkbere situaasje ûntstien wêze.
Der binne al langer problemen. Sa hat de foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer Nieuwstraten syn opstappen oankundige. De skoalle woe noch gjin kommintaar jaan op ´e situaasje.