Roggebrea Van Dijk wint saak

© Omrop Fryslân
De bakkerijen De_Breabakker en Eurobanket meie gjin brea mear ferkeapje mei de namme Van_Dijk op it etiket. Dat is de útspraak fan de rjochter yn in boaiemproseduere.
De bedriuwen dogge ynbreuk op de merknamme en it etiket fan Van_Dijk Roggebroodbakkerij út Sint_Jânsgea. As de De_Breabakker en Eurobanket har net oan de útspraak hâlde, moatte se in boete betelje fan 5000 euro deis. De saak spile tusken de bruorren Hindrik en Theade_van_Dijk.