Postma twadde yn sechde race

Pieter Jan Postma (foto Richard Langdon)
Siler Pieter-Jan_Postma fan Terkaple hat yn de sechde race yn de Olympyske Finnklasse lang om let in goed resultaat helle. Postma einige as twadde yn it fjild fan 26 boaten neidat er hast de hiele wedstriid oan kop lein hie.
Yn de fiif eardere races wie Postma net heger einige as it fyftjinde plak. Yn de totaalstân klimt de Fryske siler fan it 22ste nei it 16e plak. Om him de pleatsen foar de medaljerace fan takom sneon moat er by de earste 10 sitte.