Toer wol âlde leunings werom

De Bonifatiustoer yn Ljouwert
De Bonifatiustoer yn Ljouwert is noch altyd op syk nei de âlde leuningen fan de tsjerke, dy´t ferline jier stellen binne. De koperen leuningen út 1884 binne ein novimber stellen en sûnt dy tiid spoarleas. De Stifting_Bonifatiustoren is no op syk nei detaillearre foto´s fan de monumentale leuningen.
Koartlyn is ek de brûnzen plakette fan it Titus_Brandsmahûs bij de tsjerke meinommen. Dy plakette wie troch it Prins_Bernhardfûns skonken nei in restauraasje.