Qbuzz:jild werom by fertraging

© Omrop Fryslân
Passazjiers fan it nije ferfiersbedriuw Qbuzz krije har jild werom as de bus fertraging hat of te betiid fuort giet. Dat seit ien fan de direkteuren, Rob van Holten, fan Qbuzz moandei yn it Algemien Deiblêd.
It bedriuw nimt yn desimber it busferfier yn Súdeast-Fryslân oer fan Arriva. It nije bedriuw wol it ferskil meitsje troch it ferfier better op de klant oan te passen. Neffens Van_Holten is it bedriuw drok dwaande mei it ynheljen fan mear konsesjes.