Baggerponton omslein

Op de Wide_Ie by Burgum is sneintemiddei in baggerponton omslein. Dêrtroch is der diseloalje yn it wetter kaam. De brânwacht fan Burgum en Grou ha daliks in oaljeskerm pleatst om de fersmoarging ûnder kontrôle te hâlden. Om hoefolle oalje it krekt giet is net dúdlik. Der siet sa´n 5000 liter yn it ponton.
In bedriuw út Harns is ynskeakele om alles op te romjen. It ponton is nei alle gedachten omslein troch de hurde wyn. Der wiene gjin minsken oan board.