Famke ferwûne oan holle

© Omrop Fryslân
In 15-jierrich famke fan Pitersbierrum is sneontejûn by in oanriding ferwûne rekke oan de holle. It famke fytste krekt de krusing Wynaemerdyk - Haulewei op, doe't dêr ek in 20-jierrige automobilist fan Mullum oanriden kaam.
Dy koe in botsing net mear foarkomme. It famke is oerbrocht nei it sikehûs. In freondinne fan har dy't efterop siet, kaam mei de skrik frij.