Fernieling yn Drachten

10 aug 2008 - 14:50

In 18-jierrige jonge út Drachten is sneon socht troch de plysje op fertinking fan fernieling. Koart foar midsnacht gong de fertochte mei inkelde freonen nei in wenning oan it Fallaatsterrein. Dêr smiet er mei in stien oan de achterkant in rút yn. Dêrnei naaide de jonge út.

De oanlieding soe yn de relasjonele sfear lizze. De fertochte waard net mear fûn, mar sil noch wol ferheard wurde. De 26-jierrige bewenner die oanjefte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)