Steigenga twadde yn Burdaard

Sierd Steigenga twadde yn Burdaard
Sierd_Steigenga fan Eksmoarre is sneontejûn twadde wurden yn de Ronde fan Burdaard. Nei 100 kilometer moast hy Bjorn_Hoeben út Ell (Limburch) foargean litte. Dy koe yn de finale nei in moaie demarraazje de oare sân koprinners krekt foarbliuwe. De Dútser Christoph_Haxsen waard tredde. Fries om utens Johan_Procee fjirde en Lieuwe_Westra fan Mûnein fyfde.
Yn Burdaard stiene sa´n 100 hurdfytsers oan de start.